Nije tips yn saak Vaatstra

© Omrop Fryslân
De plysje hat sûnt it sluten fan it ûndersyk nei de moard op Marianne Vaatstra 44 nije tips krigen. Twa man ûndersykje se. It is ûndúdlik oft der brûkbere ynformaasje by sit. It iepenbier ministearje hat it ûndersyk op 1 juli stopset.
Justysje hat yn Ingelân noch in fersyk rinnen om in Afgaan as tsjûge te hearren. De man wie in skoftke lyn noch fertochte. Der is noch gjin reaksje op it fersyk kommen.