Natoerkonvenant ûndertekene

© Omrop Fryslân
De fûgelwachten, de sportfiskers en de jagers moatte yn it fjild en op it wetter de eagen en earen fan de plysje wurde. Yn guon gebieten wurdt al gearwurke tusken dy ynstânsjes. Mar mei de ûndertekening fan it konvenant Toezichtskring Natuurhandhaving is dat no offisjeel makke. Ien fan de doelen fan it konvenant is om de fûgelwachten sa op te lieden dat se fertochte situaasjes werkenne kinne. Se moatte dan de plysje warskôgje.