Rjochtssaak oer narjen op wurk

16 okt 2003 - 00:00

Konstruksjebedriuw Ybema fan De Tynje is tongersdei frijsprutsen yn de earste rjochtssaak oer narjen op it wurk. In wurknimmer is healwei de jierren '90 narre en seksueel bedrige.

De direksje wie op de hichte mar die der neat oan. Dêrom waard in boete easke fan 2500 euro. De plysjerjochter hat fêststeld dat de man narre is, mar hat it bedriuw dochs frijsprutsen, om't der gjin kausaal ferbân wêze soe tusken it narjen doe en de sûnenstastân no.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)