De Kast is no De Nije Kast

16 okt 2003 - 00:00

Popgroep De Kast hat de namme feroare yn De Nije Kast. Wichtichste reden dêrfoar is de nije besetting fan de band. Basgitarist Sytse Broersma hat dat tongersdei bekend makke. Op 28 oktober wurdt nei ôfrin fan de Amstelcup-wedstriid SC Hearrenfean - Stormvogels/Telstar de earste cd mei de namme 'De Nije Kast' presintearre.

In soad fans neamden de band al De Nije Kast, sûnt Syb van de Ploeg de band ferlitte foar syn nije band Spanner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)