Flagge foar keninklike poppe

© Omrop Fryslân
De Dokkumer Vlaggen Centrale komt mei in berteflagge foar de lytse poppe fan kroanprins Willem-Alexander en prinses Màxima. Al sûnt it begjin fan it bedriuw yn 1936 wurde der flaggen makke foar bysûndere gelegenheden fan it Keninklik Hûs. De earste wie foar de ferloving fan prinses Juliana mei prins Bernhard.
Alle bern fan de 9000 basisskoallen yn Nederlân kinne meitinke oer it ûntwerp fan de spesjale flagge.