Earste reedrydmaraton yn Alkmaar

© Omrop Fryslân
De earste maraton fan it seizoen waard woansdeitejûn yn Alkmaar wûn troch KC Boutiette. De Amerikaan fersloech yn de einspurt in grutte kopgroep fan sechtjin man. Cedric Michaud waard twadde, Roel van Hest wie tredde.
De reedrydploegen besluten woansdei fierder unanym om yn febrewaris nei de alternative alvestêdetocht yn Finlân ôf te reizgjen. Dêrmei giet de Evert van Benthem-tocht yn Kanada net troch, om't dy op deselde dei organisearre wurde soe