Spoaren fan braak yn kafee Haule

© Omrop Fryslân
De technyske resjerzje hat yn it kafee fan de fermoarde Werkman yn Haule spoaren fan braak fûn. Nei seksje op it omskot fan de kastlein is fêststeld dat er troch geweld om it libben kaam is. Hoe't dat bard is, wol de plysje yn it ramt fan it ûndersyk net sizze.
It team dat de saak ûndersiket sil yn folle omfang trochgean. Woansdei wurdt it buertûndersyk trochset. It lichem fan de kafee-eigner is troch de plysje frijjûn, lykas kafee De Turfsteker.