Miljeufederaasje lilk oer stipe

© Omrop Fryslân
De Fryske Miljeufederaasje is lilk oer de plannen om de subsydzje mei in fjirde werom te bringen. De provinsje wol de federaasje 91.000 euro minder jaan. De klub is wurdfierder foar sa'n tritich miljeuferienings yn Fryslân.
As de plannen trochgeane, komt de funksje fan dat netwurk yn gefaar. En oanslutend natuer en miljeu. By de miljeufederaasje wurkje acht minsken. Twa dêrfan soene har wurk kwytreitsje as de provinsjale stipe minder wurdt.