Swan fan Donia wint Strontrace

15 okt 2003 - 00:00

In nij rekord hat it dit jier net opsmiten, in sukses wie de 30ste Strontrace wol. Lange tiid like it oft it âlde rekord brutsen waard. Troch in hurde eastewyn sylden de 35 skûtsjes rap fan Warkum nei Warmond en werom.

In pear wienen tiisdeimiddei al op it Noardseekanaal. In pear oeren letter die bliken dat in rekord net helle waard om't de wyn lizzen gie. Om 5.00 oere kaam de Swan fan Donia as earste binnen. Sân oeren letter as it rekord.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)