Hoareka Snits docht it goed

14 okt 2003 - 00:00

De hoareka yn Snits hâldt him goed oan de Drank- en Horecawet. Dat seit de keuringstsjinst nei ûndersyk yn 55 gelegenheden. Der is fral sjoen nei de fergunningen. Dy wienen meastentiids op oarder. Net ien is betrape op it skinken fan drank oan bern ûnder de 16.

Net goed wie dat der soms gjin liedingjaanden oanwêzich wienen. Der moat altyd ien wêze mei de papieren en ien dy't de fergunning hat. Yn 16 gelegenheden wie dat net it gefal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)