Indoor Friesland is begûn

14 okt 2003 - 00:00

Indoor Friesland is tiisdei yn Ljouwert begûn. It ynternasjonale sportevenemint stie faai fanwegen finansjele problemen. Der wienen minder sponsors foar it hynstebarren yn it FEC troch de ekonomyske resesje. De gemeente en de provinsje ha Indoor stipe mei ekstra jild.

It evenemint duorret fiif dagen. Der wurde 25.000 besikers ferwachte. De show fan Leo Kraaijenbrink mei Fryske hynders wurdt sjoen as it hichtepunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)