Plysje wit noch neat oer moard
It ûndersyk nei de moard op de kafeebaas fan Haule ferrint dreech. De plysje hat noch gjin oanknopingspunt en wit net wa't de man snein om it libben brocht hat. De plysje kin ek noch altyd neat fertelle oer hoe't de man om it libben brocht is. Ek oer it tal dieders is neat bekend.
De plysje hat al wol tsjûgen heard en buertûndersyk útfierd. De plysje siket noch minsken dy't snein yn Haule wienen en mooglik wat opfallends sjoen ha.