Fúzje ferslavingsynstellings

© Omrop Fryslân
De trije noardlike organisaasjes dy't aktyf binne yn de ferslavingssoarch sille fusearje. Foar Fryslân giet it om de Kuno van Dijk stichting. Tiisdei waard bekend dat de trije stichtingen ien febrewaris takom jier de lapen gearsmite. De efterlizzende organisaasjes folgje letter.
Op dit stuit wurdt ek al gearwurke, mar dat is net mear foldwaande. Der hoege gjin minsken út as gefolch fan de fúzje.