Galama foar VVD yn Steaten?

14 okt 2003 - 00:00

Baukje Galama út Noardwâlde wurdt mooglik it nije steatelid foar de VVD. It giet om it iepenfallen plak fan foarsitter Menno Knot op te fangen. Hy rekke fan 't simmer ferwûne doe't er fan in boat foel. Hy hâldt no op as steatelid om't er it te drok hat.

Nei't Arjen van der Meer ôfseach fan it plak yn de fraksje, is frou Galama frege. Van der Meer tocht it wurk net kombinearje te kinnen mei syn wurk op de rjochtbank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)