Kreakers meie foarearst bliuwe

© Omrop Fryslân
De kreakers fan de Minnemastrjitte yn Ljouwert meie sitten bliuwe oant keapers har foar de nijbou melde. De Stifting Stadsherstel hat noch gjin keapers foar de sân apparteminten dy't se dêr bouwe wol. Dat betingst hat de rjochter yn in koart pleit bepaald. Stadsherstel is teloarsteld om't de oannimmer sa oan de slach kin.
De kreakers even fierderop yn de Grutte Tsjerkestrjitte moatte der fan de wike út.