Maraton ûnder wetter fytse
Sa'n 35 man besykje dizze wike 125 oeren ûnder wetter te fytsen. Dat dogge se yn swimbad De Welle yn Drachten, fanwege it jubileum fan de dûkersferiening.
De dielnimmers fytse dei en nacht ûnder wetter. Spesjale stand-by dûkers hâlde de fytsers yn 'e gaten. De opbringst fan de aksje giet nei War Child. Nei ferwachting sil de aksje foar War Child minimaal fiiftûzen euro opbringe.