Sutelaksje: 226.500 euro

13 okt 2003 - 00:00

De sutelaksje fan It Fryske Boek hat dit jier goed 226.500 euro opsmiten. Dat is 7.000 euro mear as ferline jier. Bêst ferkochte boek wie Foarby it Boarkumer fjoer fan Durk fan der Ploeg.

Ek de boeken dy't as Boek fan 'e wike oanwiisd wienen, ferkochten goed. Mei elkoar kamen derfan mear as 500 titels út de kroade. Benammen yn de lytsere doarpen ferkochten de 1800 sutelers mear as yn de grutte plakken. De aksje is sneon mei in merk ôfsluten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)