De Jouwer - Appingedam: 0-4

© Omrop Fryslân
SC De Jouwer hat sneintemiddei foar eigen publyk mei 0-4 ferlern fan VV Appingedam. De ploech út Grinslân wie dúdlik de sterkere. De Jousters krigen yn dizze wedstriid praktysk gjin kânsen.
Foar Appingedam skoarden Michiel Klinkers, Richard Gooijert, Marcel Roode en Bas Lulofs. Ferdigener Johan Abma fan De Jouwer waard yn de twadde helte noch fan it fjild stjoerd mei in twadde giele kaart.