Bunkers te keap op Skylge

© Omrop Fryslân
Acht bunkers út de Twadde Wrâldoarloch stean fan sneon ôf as wenhûs te keap op Skylge. Foar minimaal 235.000 euro kinne belangstellenden in ferboude bunker keapje. In wurdfierder fan makelder Van der Houwen út Grins hat dat bekend makke.
It djoerste appartemint kostet 285.000 euro. Dêrfoar krijt de keaper yn totaal 59 kante meter flieropperflak. By grutte belangstelling wurde de bunkers by opbod ferkocht.