Plysjedei yn Dokkum súkses

© Omrop Fryslân
De Fryske edysje fan de Plysjedei, yn Dokkum, wie sneon in súkses. Allinnich al de moarns wiene der tûzenen minsken yn en om it plysjeburo fan Dokkum te sjen. It rekord oantal besikers is op it stuit yn hannen fan Harns. Dy luts yn 2001 sa'n 10.000 minsken.
Neist in ferskaat oan demonstraasjes lykas sjitoefeningen en it neispyljen fan ûngelokken, koene de besikers in praatsje meitsje mei plysjeminsken. Tema: 'samen verantwoordelijk'.