Publyk kin wer ride yn Thialf

© Omrop Fryslân
It publyk kin fan sneontemiddei ôf wer reedride yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. It hat lange tiid net dúdlik west oft der dit winterseizoen wol iis lizze soe, fanwege de finansjele situaasje fan Thialf.
In pear wiken lyn is it rêdingsplan yn wurking set, sadat der wer in iisflier oanlein wurde koe. Thialf is dizze winter it toaniel fan it Nederlânsk en it Europeesk kampioenskip all round en twa wrâldbekerwedstriden.