Skilderij Van der Meulen te sjen

© Omrop Fryslân
Foar it earst yn tritich jier is it romrofte skilderij fan de Ljouwerter âld-boargemaster Van der Meulen wer te sjen. Skilder Sjoerd de Vries hat it freedtenacht om tolve oere persoanlik ophongen yn it Frysk Museum.
Boargemaster Van der Meulen hie ferbean dat it skilderij tentoansteld wurde soe om't er fûn dat er der mei te grutte earen op stie. De rjochter bepaalde dat presys tsien jier nei it ferstjerren it skilderij wer te sjen wêze mocht.