Hynstepriis 'Guds' foar Wadman

© Omrop Fryslân
It echtpear Sipke en Atje Wadman fan Gytsjerk hat freed de provinsjale hynstepriis, de Guds, krigen. It echtpear krijt de ûnderskieding om't it him al mear as 20 jier ynset foar it Fryske hynder en al syn fasetten. En ek foar it bekend meitsjen fan it Frysk kostúm yn binnen- en bûtenlân.
Sipke Wadman is foarsitter fan de Fryske Quadrille en hy en syn frou dogge mei oan konkoersen fan túch- hynders, keuringen en hurddraverijen.