38.500 euro foar R. McDonald-hûs

© Omrop Fryslân
Bern fan tolve basisskoallen yn Achtkarspelen ha mei in sponsorloop 38.500 euro by inoar rûn foar it Ronald McDonald-hûs. Dat útfanhuzersplak foar âlden fan slimsike bern wurdt op it stuit boud by sikehûs MCL yn Ljouwert.
De sponsorloop waard hâlden fanwege it earste lustrum fan de feriening foar Protestants Kristlik Basisûnderwiis yn Achtkarspelen. Hoewol't de bou al út ein set is, is der noch mear as 700.000 euro nedich.