'Wurkgroep tsjin oerlêst jeugd'

10 okt 2003 - 00:00

In spesjale wurkgroep moat de problemen mei jongeren yn de Ljouwerter wyk Camminghaburen oanpakke. Dat is de útkomst fan in oerlis tusken de gemeente en de wykbewenners. In groep fan 50 jongeren hat de ôfrûne simmer foar oerlêst soarge.

Wykbewenners kleie no ek noch oer jeugd dy't op scooters troch de buert rydt. Se wolle dat de gemeente in hingplak foar de jeugd makket. De jongeren sjogge neat yn in spesjale wurkgroep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)