'DS net folslein oer ATF'

© Omrop Fryslân
Deputearre Steaten binne ûnfolslein yn har antwurden oer de ATF-brân, maaie 2000 yn Drachten. Dat stelle de opposysjepartijen ChristenUnie, SGP en SP. It kolleezje moast 138 fragen beantwurdzje fan de 10 steatefraksjes oer de rol fan de provinsje by de brân.
Steatssekretaris Van Geel fan miljeu komt foarearst noch net mei regels dy't brannen lykas by ATF foarkomme kinne. De provinsje hie syn ûnfrede útsprutsen oer it útbliuwen fan regeljouwing.