Sneon faaks problemen busferfier

10 okt 2003 - 00:00

By it busferfier yn Fryslân wurde sneon grutte problemen ferwachte. Leden fan de FNV fiere dan aksje tsjin it kabinetsbelied en dêrby is it iepenbier ferfier sneon ien fan de spearpunten.

Noordned ferwachtet dat de treinen yn Noard-Nederlân gewoan ride sille. It bedriuw hat lykwols gjin sicht op de aksjes by it busferfier fan Noordned. Arriva ferwachtet dat syn busferfier wol lêst hawwe sil fan de aksjes. Der soene fertragings komme kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)