Untslaggen by Volker Wessels

© Omrop Fryslân
By Volker Wessels Netwerkbouw yn Drachten krijt de kommende moannen in ûnbekend tal minsken dien. By it bedriuw wurkje sa'n hûndert minsken. Volker ûntwerpt, bout en beheart telecom-ynfrastruktueren, lykas kabels yn 'e grûn.
It bedriuw hat alve festigings mei 1500 minsken. Op syn minst 100 dêrfan krije dien. Oarsaak is dat it bedriuw minder wurk krijt fan Telecom-konsern KPN, de wichtichste opdrachtjouwer.