Ljouwerter hôf siket nijbouplak

10 okt 2003 - 00:00

It Ljouwerter gerjochtshôf giet op syk nei in nijboulokaasje yn de stêd. Dat is de útkomst fan in oerlis tongersdei yn Den Haach tusken de Raad voor de Rechtspraak en presidint Van Dijk fan it Ljouwerter hôf.

Nêst nijbou wurdt sjoen nei it keapjen of hieren fan besteande gebouwen. Ek in ynterne ferbouwing fan it âlde Paleis fan Justysje oan it Zaailand is in opsje. Dat bliuwt yn alle gefallen yn gebrûk foar rjochtssittings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)