Friesland Olympiade útsteld

© Omrop Fryslân
De Friesland Olympiade dy't op 25 oktober yn it FEC holden wurde soe, giet net troch. It plan om geastlik handicapten en publyk troch sport mei- elkoar yn kontakt komme te litten is ynearsten útsteld.
Troch te min reklame foar it evenemint kamen der net genôch oanmeldings. De organisaasje sil no besykje om de Friesland Olympiade yn de maitiid fan takom jier te hâlden.