Rjochtsaak Kast giet net troch

© Omrop Fryslân
De rjochtsaak fan de âlde Kast tsjin syn manager Klaas de Jong is fan de baan. Tongersdei soe der in koart pleit tsjinje foar de rjochtbank yn Ljouwert. Dat is op it lêste momint net trochgien.
Syb en de oare bandleden easkje noch jild fan De Jong, mei-elkoar mear as in ton. Der wurdt no in akkountant beneamd. Dy moat der foar soargje dat in it finansjele skeel yn goeie harmony ôfhannele wurdt.