Net 25% minder ferkearsdeaden

09 okt 2003 - 00:00

Foar it jier 2004 is it tal ferkearsdeaden net werombrocht mei in fjirde. Dat ferwachtet foarsitter Bunk fan 'e stjoergroep Fryske Diken. Hy sei dat tongersdei op it Provinsjehûs by in tuskenevaluaasje fan it projekt Fryske Diken.

Alhoewol't it doel net helle wurdt, is Bunk net alhiel negatyf oer de sifers. De lêste jierren is der dúdlik in ôfname te sjen fan it tal ferkearsslachtoffers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)