Net folle publyk foar Xander

09 okt 2003 - 00:00

De Nederlânske sjonger Xander de Buisonjé luts woansdei mar 220 minsken nei Skouwburg de Harmonie yn Ljouwert. Op radio en tillevyzje waard in soad reklame makke foar it konsert. Dat hat lykwols net in soad opsmiten.

Xander tourt mei in seiskoppige band en sadwaande koe it optreden net nei in lytse seal ferplaatst wurde. De 220 fans sieten dan ek yn 'e grutte Aegonseal. Dêr kinne normaalwei tûzen minsken yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)