Soad ôfwizings tongblierfûns

© Omrop Fryslân
In soad bedriuwen hawwe gjin jild krige út it tongblierneedfûns. Fan 75 is de oanfraach ôfwiisd om't er net goed ûnderboud wie. Ek kamen der oanfragen dy't neat te krijen hawwe mei de tongblierútbraak yn 2001 yn 'e omkriten fan Eanjum en Ie. Fan 'e 6,3 miljoen yn it fûns is mar 1,5 miljoen útkeard.
It fûns is ynsteld om de bedriuwen te helpen der wer boppe-op te kommen. Mei-inoar 92 agraryske bedriuwen en leanbedriuwen hawwe jild krige.