Cambuur hiert Muhamadu

© Omrop Fryslân
Ibad Muhamadu fan FC Twente is de twadde nije spiler dy't Cambuur binnenhelle hat. Muhamadu is in 21-jierrige oanfaller. Hy wurdt foar de rest fan it seizoen hierd fan de klub út Enschede. Muhamadu is op it stuit de topskorer fan 'e beloften fan FC Twente. Hy makke dit seizoen oant no ta trije goals.
Earder dizze wike kaam Raymond Bronkhorst fan FC Grins al nei Ljouwert.