Oanpassingen Laweiplein Drachten

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân sil it Laweiplein yn Drachten ynkoarten oanpasse. It plein is krekt werynrjochte en dat soarget foar in protte betizing. Om't stopljochten fuorthelle binne, is it foar benammen fytsers en fuotgongers net alhiel dúdlik wêr't se del moatte.
Lantearnpeallen dy't midden op it fytspaad steane, wurde fuorthelle en in tal lytse saken wurde oanpast. Dêrmei moat it ferkearsprobleem oplost wêze.