No al belangstelling foar opfang

08 okt 2003 - 00:00

Acht jongeren steane al op de wachtlist foar in plakje yn it nije jongerenopfanghûs fan stifting De Terp yn Ljouwert. It opfanghûs sil op 1 novimber de doarren iepenje en plak biede oan 21 oant 23 jongeren yn de leeftiid fan 16 oant 25 jier.

It opfanghûs is bedoeld foar jongeren dy't tusken wâl en skip falle en foar in skoftke in plakje nedich ha om ta harsels te kommen. Op 2 novimber hâldt it nije opfanghûs in iepen dei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)