Ludike aksje studinteferiening

© Omrop Fryslân
Studinteferiening Wolwêze yn Ljouwert bestiet dit jier 25 jier. As ludike stunt bouwe de leden dêrom in fort fan goed 1500 bierkretten. Tsien jier lyn waard de gevel fan de soas oan it Fliet ek al ris folboud mei kretten, mar doe waarden der folle minder brûkt.
De studinten binne tiisdei út ein set mei it steapeljen. It bouwurk bliuwt in wike stean. De reuny foar de âld-leden fan de algemiene studinteferiening is op sneon 8 novimber.