Stipe foar iepenloft Brantgum

08 okt 2003 - 00:00

It iepenloftspul fan Brantgum krijt 3500 euro subsydzje fan Dongeradiel. Dêrmei kin takom jier foar de twadde kear in iepenloftspul organisearre wurde. De earste wie mei Simmer 2000.

It like derop dat it iepenloftspul oergean soe om't de gemeente yn it ramt fan it Bonifatiusjier al in soad oare aktiviteiten stipet. In riedskommisje wie posityf oer in gemeentlike bydrage en sadwaande krijt de organisaasje de stipe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)