Demonstraasjemaraton yn Thialf

08 okt 2003 - 00:00

Thialf krijt ein novimber de earste demonstraasjemaraton tawiisd fan de KNSB. Yn dat wykein is ek de World Cup op it iis op It Hearrenfean. Nasjonale maratontoppers ride by de demonstraasje tsjin ynternasjonale langebaanriders.

De maratonseksje fan it reedridersbûn wol sa de maraton ynternasjonaal op de aginda krije. Earder is al faker besocht om de maraton ûnder de oandacht fan it ynternasjonale reedridersbûn te krijen, mar dat mislearre hieltyd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)