Mear ûndersyk nei legionella

08 okt 2003 - 00:00

Yn tweintich huzen yn de Ljouwerter wyk Cammingabuorren is de baktearje legionella fûn. De baktearje liket net gefaarlik foar de sûnens. De huzen binne ûndersocht nei't earder yn in pear huzen de baktearje fûn wie.

Der is gjin standertoplossing foar it probleem. De kommende wiken wurdt mear ûndersyk dien nei hoe't de legionella yn it drinkwetter kommen is. Wetterbedriuw Vitens slút net út dat bewenners meibetelje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)