Cambuur hiert Bronkhorst

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter klub Cambuur hat Raymond Bronkhorst foar de rest fan it seizoen hierd fan FC Groningen. De fuotballer (25) kin op ferskate plakken op it fjild ynset wurde. Hy kin sintraal en rjochts op it middenfjild spylje en is ek as rjochtsbûten ynsetber.
Yn Grins makke Bronkhorst ferline jier syn profdebút. Dêrfoar fuotballe er by FC Haarlem (jeugd), Odin'59, ADO'20 en SV Huizen. Syn kontrakt rint troch oant heal 2004.