Jildkrapte by Indoor Friesland

© Omrop Fryslân
It programma fan Indoor Friesland sil yn 2005 mooglik oanpast wurde moatte fanwege jildkrapte. De organisaasje krige dit jier begrutting fan fiif ton krekt rûn troch ekstra stipe fan gemeente en provinsje. It is noch mar de fraach oft dy der yn 2005 wer komt.
Indoor Friesland begjint op 14 oktober yn it FEC. Grutte publykslûker is dit jier de show fan Leo Kraaijenbrink mei Fryske Hynders. Indoor Friesland ferwachtet 25.000 besikers.