Oerlis regeling jonge boeren

07 okt 2003 - 00:00

Jonge boeren dy't in famyljebedriuw oernimme wolle, hoege mooglik minder belesting te beteljen. Steatssekretaris Wijn wol deroer prate. Earder oerlis hjiroer mei de NLTO en de agraryske jongeren rûn begjin dit jier fêst.

It grutste probleem is dat prizen fier ûnder de merkwearde lizze. De fiskus rekkent wol de merkpriis foar suksesje en skinkingsrjochten. Dat makket it oernimmen dreger. In besteande regeling dy't goed foldie waard yn 2001 skrast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)