Bern oanklaud troch stellerij

07 okt 2003 - 00:00

Alle 19 kompjûters op basisskoalle De Bolder yn Drachten binne stellen. Dieven sloegen ta yn de nacht fan snein op moandei. Se brutsen de doar iepen en setten de alarmynstallaasje út. Se ha de byldskermen en in pear toetsebuorden stean litten.

It personiel en de bern sitte oanklaud. Se brûkten de kompjûters in protte by it lesjaan. De bern meitsje no mar wer rekkensomkes en taallessen út de boeken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)