'Fytseladers' trappearre

© Omrop Fryslân
De plysje hat in man (24) út Easterwâlde en ien út Haulerwyk (23) oanhâlden foar it stellen fan in pear fytsen en in skooter. De manlju rieden mei in auto mei karre by Easterwâlde. Dêryn leine fiif fytsen en in skooter.
Yn de auto fûn de plysje betonskjirren en hammers, bedoeld foar stellerij. Ek hie de auto gjin jildige APK. De plysje hat ek proses-ferbaal opmakke omdat ien fan de fertochten in falske namme opjoech by de oanhâlding.