PvdA wol mear stipe foar wiken

06 okt 2003 - 00:00

Wenwiken moatte stipe krije fan de gemeenten om har buert te behearen. Dat seit Keamerlid Straub fan de PvdA. Yn juny wie er yn de buerten njonken It Vliet yn Ljouwert, om problemen dêr yn kaart te bringen.

Moandei kaam Straub werom. Nei in lanlike ynventarisaasje hat de PvdA besocht oanbefellings te dwaan foar better wykbehear. De gemeente Ljouwert wol besunigje op wykbudzjetten. De gemeenterie liket dêr op tsjin te wêzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)