Hoareka yn De Wâldsang

© Omrop Fryslân
Yn de eardere muzykskoalle fan Bûtenpost, De Wâldsang, moat hoareka komme. De gemeente wol it gebou, dat al trije jier leech stiet, in nije funksje jaan. Plannen kinne oant ein desimber ynlevere wurde.
De gemeente is der net op út om in soad te fertsjinjen mei de ferkeap fan de muzykskoalle. Wichtiger is dat Bûtenpost in goede hoarekagelegenheid krijt, mooglik oanfuld mei kantoar- of eksposysjeromte.