Wachttiid foar MRI-scan koarter

© Omrop Fryslân
Sikehûs MCL-Súd yn Ljouwert hat der in nije MRI-scanner by. It apparaat makket foto's fan 'e binnenkant fan it lichem. De twadde scanner moat de wachttiid foar dit soarte ûndersyk in stik koarter meitsje. Dy leit no op seis oant acht wike.
It duorret noch wol even foardat beide apparaten draaie sille. Nei't de nije ynstallearre is, wurdt de âlde earst ûntmantele en dan ferhûze. Fan begjin 2004 ôf moat alles klear wêze.