Dronken riders trappearre

© Omrop Fryslân
Ferskate automobilisten binne dit wykein oanhâlden foar it riden mei drank op. In frou út Utrecht (51) en in Ljouwerter (46) moasten it rydbewys ynleverje. Se sieten dronken achter it stjoer yn Ljouwert.
Fierders krigen in man út Stiens (50) en ien út Hallum (22) in rydferbod fan trije oeren. De Stienzer waard oanhâlden yn syn wenplak, de Hallumer ried ûnder ynfloed op de Dokkumerstrjitwei by Burdaard.